logo/
Lijst weergave
blokkenschema
article

Tryater - Raze om Protters

Tryater - Raze om Protters

Dit evenement is al geweest

Uitverkocht. Ast hieltyd mar it gefoel krijst dat net ien dy heart en net ien dy sjocht, wylst sa dyn bêst dochst om derby te hearren, hoe hâldst dy dan steande...?
It bart Doede (Raymond Muller), in jonge mei in licht ferstanlike beheining, wannear’t in soad feroaret yn syn libben.

Sûnt in pear wiken sit er ferplichte thús by syn mem (Aly Bruinsma), dy’t ek fersoarging nedich hat. Hy hat dien krigen om’t er by fersin syn net te temjen leafde foar in publyk persoan te bot utere, wylst syn freonen dat krekt sa oanmoedigen. Dêrtroch liket der gjin plak mear foar him te wêzen yn de maatskippij. Help krijt er fan ynstânsjes, mar hy wurdt fan de muorre nei it sket stjoerd.
Hoe hurd oft er ek besiket, Doede krijt mar gjin fet op hoe’t it dan wol heart. As útsetter driget ek syn favorite dowehobby foar him te djoer te wurden. Hy begrypt it net; wêrom mei hy net dwaan wat er wol? Hy docht sa syn bêst, wêrom wurdt dat net sjoen?

Yn stee fan de kop hingje te litten, komt Doede yn aksje en easket in poadium. It is genôch. Yn dizze oandwaanlike teaterfoarstelling wurdst gizele troch Doede - mar meitsje dy gjin soargen: hy hat gjin kwea yn it sin. Hy wol allinne mar hiel graach datst efkes harkest -. Hy nimt dy mei yn syn wrâld, yn syn dreamen, lâns de paden fan syn ûnfrede, iensumheid en langstme. Kinsto him hearre?

Eelco Venema skriuwt en regissearret Raze om protters. Hy is by Tryater bekend as spiler, mar ûnderwilens hat er ek in flink oantal stikken skreaun. Syn stikken wurde kenmerke troch it mei humor foar it fuotljocht bringen fan skrinende werklikheden. Rooftop Memories, dat te sjen wie yn Theater Bellevue yn Amsterdam, wie fan syn hân. In pear jier lyn skreau er mei oan de ‘Liwwadder’ útfiering fan Discopigs, koartlyn skreau er So happy together. Fierder skreau Eelco mei oan Wa oerlibbet de skries en Doarp Europa.
'Raze om protters' is ook toegankelijk voor mensen met een visuele beperking. Vooraf is er een inleiding om kennis te maken met het decor en de kostuums. Tijdens de voorstelling verzorgt een blindentolk van Komt het Zien! live audiobeschrijving, door visueel beperkten speciaal te horen via een draadloze koptelefoon. Blindengeleidehonden zijn welkom.
Klik hier voor meer info over de audiobeschrijving.

Dit zeiden slechtzienden eerder: “Geweldig, ik heb eindelijk eens theater kunnen ‘zien’.”
“Ik zie geen steek en toch heb ik alles gezien.”

Tickets & Info
Tryater - Raze om Protters

Stadsschouwburg De Harmonie

Ruiterskwartier 4 8911 BP Leeuwarden
Entree Uitverkocht